Hôf noch yn race foar miljoen

It begraafplak oan de Spanjaardsleane is yn de race foar in miljoen
It âlde stêdsbegraafplak yn Ljouwert makket noch hieltyd kâns op it winnen fan in miljoen. It hôf docht mei oan in tillevyzjeprogramma wêrby't minsken stimme kinne op in projekt wêrfan't sy fine dat it restaurearre wurde moat.
It begraafplak stiet op it stuit op it twadde plak. De finale is op 31 oktober. As it hôf wint, dan betellet de gemeente ek twa ton mei oan de restauraasje.