Frysker wurdt ferbettere

04 okt 2007 - 09:56

Ferfiersbedriuw Connexxion lit ûndersyk dwaan nei hoe't it de Fryskerbussen ferbetterje kin foar sjaufeurs. Dat ha de fakbûnen te hearen krigen.

De bûnen hawwe in soad klachten fan sjaufeurs krigen, oer de Frysker. De bus soe te lyts en te krap wêze. Fierder is de fentilaasje min en is de bus nochal gefoelich foar hurde wyn. De fakbûnen binne tefreden oer de ôfrin fan it petear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)