Priis foar Fryske amazones

04 okt 2007 - 06:17

De seis amazones dy't yn novimber 2006 hundert hynders fan it Noarderleech rêden hawwe binne yn de prizen fallen. Troch de Dierenbescherming binne se beneamd ta 'Dierenhelden 2007'.

De groep hynders waard ynsletten troch heech wetter en koe gjin kant mear op. It slagge de amazones om se fuort te heljen. De priis dy't de froulju krigen hawwe bestiet út in bedrach fan 7500 euro. It jild moat bestege wurde oan in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)