'Te min plysje yn Damwâld'

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de Damwâld binne mar min te sprekken oer it tal plysjes dat it doarp yn de gaten hâldt. Se sjogge nea plysje en der wurdt ek te min kontrolearre op snelheid. Minsken binne tefreden oer it basisûnderwiis.
Ien en oar docht bliken út in enkête dy't troch de twa doarpsbelangen fan Damwâld hâlden is. 2400 minsken krigen de fragelist. De antwurden foarmje de basis fan in doarpsfyzje dy't takom foarjier makke wurdt.