Alves en Roorda yn de basis

Geert Arend Roorda (foto Martin de Jong)
Afonso Alves makket tongersdei yn de wedstriid tsjin it Sweedske Helsingborgs syn rentree yn de basis fan SC Hearrenfean. Ek de Fries Geert Arend Roorda stiet yn de basis.
De spilers fan trainer Gert Jan Verbeek trainden woansdei yn it stadion fan Helsingborgs. Hearrenfean wûn de earste wedstriid yn eigen hús mei 5-3 fan de Sweden. De ploech kin him tongersdei pleatse foar de pûlfase fan de UEFA-kup.