Leden ferlitte Friesland Foods

Molkpriis FrieslandFoods is in soad boeren te leech
Friesland Foods ferliest dit jier folle mear leden as oars. Mooglik binne it der wol mear as 100. Dat is de ynskatting fan bestjoerslid Sita van Keimpema fan it fakbûn fan melkfeehâlders. In soad boeren binne ûntefreden oer de molkpriis dy't se barre by Friesland Foods.
By oare fabriken kinne se mear barre. Friesland Foods wol net kwyt hoefolle boeren opsein hawwe, mar erkent wol dat der mear opsizzings binne as oars.