Soad folk by boarstkankerkuier

03 okt 2007 - 15:00

De belangstelling foar de kuier tsjin boarstkanker fan no sneon is bysûnder grut. Der wurdt sneon de earste etappe fan it Jabikspaad rûn, in rûte fan 25 kilometer fan Sint Jabik nei Ljouwert. De organisearjende stichting Wandelen voor Overleven hie hope op 500 kuierders, mar it binne der al 1333.

Mei de kuier wol de stichting omtinken freegje foar boarstkanker. De helte fan it startjild giet nei projekten tsjin boarstkanker as Pink Ribbon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)