PvdA: betrouwen weromwinne

03 okt 2007 - 12:00

It nije bestjoer fan 'e PvdA yn Littenseradiel wol it betrouwen fan kiezers leden wer werom winne. Dat seit Simen Fopma, de nije waarnimmend foarsitter. Fopma waard tiisdei beneamd op in rûzige ledegearkomste.

De fiif leden fan de PvdA-riedsfraksje seine op de gearkomste op as PvdA-lid. Sy geane partijleas fierder, wêrtroch de partij no net langer yn de ried fertsjintwurdige is. In hege priis, mar dat is net oars, sa seit Fopma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)