Brêge Drylts wer yn bedriuw
De brêge yn it sintrum fan Drylts is wer yn gebrûk foar de skipfeart. De brêge oer de Geeuw rekke in wike lyn bûten gebrûk, omdat der in lager stikken wie. Omdat it in âlde brêge is, koe dy lager net maklik ferfongen wurde.
De brêge is sûnt woansdei wer yn bedriuw. Ek auto's en fytsers kinne der wer oer.