Plannen foar Eysingahûs

Bearn Bilker wol it Eysingahûs publyk tagonklik hâlde
It Eysingahûs yn Ljouwert moat in kultuer-histoarysk gebou wurde dêr't besikers sjen kinne hoe't it wie om yn de 18e ieu te libjen. Dat stelt foarsitter Bearn Bilker fan de Stichting Staten en Stinzen.
It Fries Museum is no noch foar in part húsfeste yn it Eysingahûs oan de Twibaksmerk. Eigner Stichting Kanselarij is yn ûnderhanneling mei de Friesland Bank oer in mooglike ferkeap fan it Eysingahûs.