Liet 2008 mei foarrondes

02 okt 2007 - 21:55
  • Der kinne wer ferskes ynstjoerd wurde foar Liet

It Fryske sjongfestival Liet makket in trochstart yn in nije opset. De organisaasje wol tenei elts dy't in ferske ynstjoert de kâns biede om ek op te treden. De stichting sil foar dit doel fiif foarrondes organisearje op fiif plakken yn Fryslân. Op elke foarronde wurde de twa bêste dielnimmers selektearre foar de finale.

De earstfolgjende finale fan it Fryske sjongfestival Liet sil plakfine op 17 maaie 2008 yn De Harmonie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)