Dirigint skriuwt stik foar NNO

02 okt 2007 - 20:51

Dirigint Michel Tabachnik hat spesjaal foar syn Noard Nederlânsk Orkest in stik komponearre. It stik hjit North en sil ein april de wrâldwide premjêre belibje yn Drachten.

Juster waard bekend dat de Switserske dirigint noch oant 2011 oan it NNO ferbûn bliuwt. Tabachnik skriuwt moderne musyk yn de tradysje fan de komponist Stockhausen. Earder hat it NNO al ris in pianostik fan de dirigint opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)