Krol wol gjin kamerasoap wer

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter begrutting moat tenei pas presintearre wurde nei Prinsjesdag. Sa wol wethâlder Krol foarkomme dat kamera's de iene wike fuortbesunige wurde en der in wike letter hingjen bliuwe kinne.
Dit jier bliek nei Prinsjesdag dat Ljouwert strukturiel goed trije ton mear krijt. Sadwaande bliuwe de befeiligingskamera's yn de binnenstêd no hingjen. De riedsleden krije woansdei in brief mei útlis.