Nije bedriuwslieder Trebol

02 okt 2007 - 17:19

Partysintrum Trebol yn Harns makket foar de safolste kear in nije start. Nei de eardere útbaters Gerstel en Homminga mei eksploitant Marco Bleek út Hyppolitushoef it no besykje om Trebol suksesfol te meitsjen.

Bleek wol dat der alle wykeinen wat te dwaan is foar jong en âld. Ek wol er it ferieningslibben wer nei Trebol talûke. Binnen twa moannen moat Trebol wer los. It gebou is kocht troch ûndernimmer Twijnstra út Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)