Kuiper seit nee tsjin oansyk

Boargemaster De Jonge
By de gemeente Skarsterlân binne se poer op buorman Hearrenfean. Boargemaster De Jonge fan Hearrenfean wol graach dat syn gemeente fusearret mei ien fan de omlizzende gemeenten. Skarsterlân leit foar de hân om't se dêr al yntinsyf mei gearwurkje.
Mar neffens boargemaster Kuiper fan Skarsterlân sit syn gemeente net te wachtsjen op in fúzje. Skarsterlân soe de saken goed foarinoar hawwe. Der soe gjin needsaak wêze foar in fúzje.