24 jier ruilferkaveling

© Omrop Fryslân
No tongersdei wurdt de ruilferkaveling Midden-Opsterlân by Beetstersweach nei 24 jier offisjeel ôfsluten. Yn totaal is der 28 miljoen yn ynvesteard.
De ruilferkaveling hat derfoar soarge dat de bedriuwsfiering foar boeren ferbettere is, dat der mear natuergebieten binne dy't byinoar hearre en dat de wetterhúshâlding yn it gebiet ferbettere is. Fierder binne der in protte fytspaden en wegen oanlein.