Karmerk foar soarch foar ieren
In grut tal Fryske sikehûzen yn de provinsje hat tiisdei it saneamde vaatkeurmerk yn ûntfangst naam fan de Vereniging van Vaatpatiënten. It karmerk jout oan dat it sikehûs foldocht oan de kwaliteitskriteria foar in goeie iersoarch sjoen fanút de pasjint.
Fia de webside www.vaatpatient.nl kin neigien wurde hokker sikehúzen wat foar ierbehannelings dogge en hoe faak.