Tabachnik langer by NNO

02 okt 2007 - 12:23

De sjef-dirigent fan it Noord Nederlands Orkest hat syn kontrakt ferlingd. Tabachnik bliuwt oan 2011 ferbûn oan it symfony-orkest.

It bart net faak dat in dirigint him foar langere perioaden fêstleit. It NNO is wiis dat de dirigint bliuwt want hy hat soarge foar in goeie ûntwikkeling fan it orkest. Ek de Switserske dirigint sels sjocht dernei út om wer oan de slach te gean. Hy sjocht noch fierdere groei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)