"Ien grutte Súdwesthoeke"

de saneamde Súdwesthoekfariant
De gemeenten yn súdwest-Frylân moatte meiïnoar fusearje. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat Wymbritseradiel útfierd litten hat. Allinne as ien grutte organisaasje binne de gemeenten sterk genôch foar de takomst.
As der net keazen wurdt foar ien grut gebiet, dan soe Wymbrits yn alle gefallen fusearje moatte mei in tal fan de gemeenten út dat gebiet. It giet dan û.o. om Snits, Gaasterlan- Sleat en Nijefurd.