Beloften Cambuur gelyk

02 okt 2007 - 06:33
  • Koen Brack is oan it weromkommen fan in blessuere

It belofteteam fan Cambuur hat moandeitejûn de tredde kompetysjewedstryd mei 0-0 gelyk spile tsjin De Graafschap.

De wedstryd wie net bêst. De besikers út Doetinchem wiene it gefaarlikst, mar Cambuur-doelman Ale Geart de Vries spile in goeie partij. By de Ljouwerters wie Koen Brack werom. Hy hat lang útskeakele west troch in blessuere. Brack spile sa'n 45 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)