Jild foar opknappen Windlust

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Weststellingwerf hat 9000 euro beskikber steld foar ûndersyk nei de steat fan de mole Windlust yn Wolvegea. De mole moat opknapt wurde sadat it ûnderhâld oerdroegen wurde kin oan de Stichting Fryske Molens. De Monumintewacht hat ferline wike al mei de oannimmer de wurksumheden ynventariseard. Der moat hiel wat gebeure.
Mole Windlust is yn 1888 fan de Mijdrechtse polder nei Wolvegea kommen.