Formulierebrigade yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert stelt trije amtners oan dy't derfoar soargje dat minsken mei rjocht op in útkearing dat jild ek echt krije. Neffens Mohammed Benhammed fan de PvdA yn Ljouwert rinne tûzenen Ljouwerters sinten mis om't se net goed op de hichte binne fan de regelingen. Ek is de taal op de formulieren soms te ûndúdlik of skamje se harren.
Tiisdei gie de ried akkoart mei it ynstellen fan sa'n formulierebrigade.