Thússoarch sil aksje fiere

Profesjonele thússoarchmeiwurkers driigje harren baan oan alfahelpen kwyt te reitsjen
Fryske thússoarchmeiwurkers demonstrearje woansdei mei harren kollega's út it hiele Noarden yn Den Haach. Harren banen steane faai no't gemeenten kontrakten ôfslute mei de goedkeapste soarchoanbieder. Dy jouwe de djoere meiwurkers dien en litte it wurk troch alfahelpen dwaan.
Alfahelpen moatte sels kontrakten mei kliïnten ôfslute. Se falle net ûnder in cao en binne minder saakkundich.