Kamera's Ljouwert bliuwe

de kamera's yn de binnenstêd fan Ljouwert bliuwe yn funksje
It kameratafersjoch yn de binnenstêd fan Ljouwert bliuwt. De gemeente Ljouwert krijt mear jild fan it Ryk as ferwachte en kin dêr it tafersjoch no fan betelje. Ferline wike waard bekend dat de gemeente de 40 túzen euro dy't de trije kamera's kostje net hat.
De plannen ha in soad negative reaksjes opsmiten. Benammen fanút de horeka en de plysje is mei fernuvering reagearre op de maatregel.