Hearrenfean wol weryndieling

Boargemaster en wethâlders fan It Hearrenfean wolle binnen fjouwer of fiif jier in weryndieling, omdat de gemeente allinnich net in heech genôch nivo fan tsjinsten oanbiede kin. Binnen de gemeente wurdt no earst neitocht oer de opset en dan sil der praten wurde mei mooglike fúzjepartners en dan soe Skarsterlân de measte logyske opsje wêze.
De gemeente wol syn namme lykwols net kwyt, omdat dat sa'n sterk merk is.