APK-keuring foar fytsen

© Omrop Fryslân
By it Gomarus College yn Ljouwert is moandeitemoarn it startskot jûn foar de tredde Fryske Fyts APK. Deputearre Piet Adema liet as earste syn fyts keure by in mobile fytsemakker. Oant de ein fan dit jier kinne fytsers fergees harren fyts keure litte by fytsewinkels dy't oan it projekt meidogge.
Mei-elkoar dogge der 14 skoallen en 39 fytsewinkels mei oan de Frysk Fyts APK.