Noch trije pealsitters aktyf

© Omrop Fryslân
It Frysk Kampioenskip Pealsitten by Warns hat snein tsjin seizen noch trije dielnimmers. It giet om twa manlju en in frou. De trije meitsje diel út fan in groep fan seis dy't freedtejûn mei it kampioenskip begûn. De oare trije hawwe belies jûn.
Doel is it besteande rekord te ferbetterjen. De trije soenen dan yn elts gefal oant moandeitemoarn 07.30 oere op har peal sitten bliuwe moatte. Se hawwe dat dan sechtich oeren dien.