Snits ferliest fan De Treffers

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat de thúswedstryd tsjin De Treffers út Groesbeek mei 2-1 ferlern. Alle trije doelpunten foelen yn de twadde helte. Dy fan De Treffers waarden beide makke troch Said Echargui. Theo Ydema wie de doelpuntemakker oan Snitser kant.
De oerwinning fan De Treffers wie fertsjinne. De ploech krige fierwei de measte kânsen. Snits doarde de striid net goed oan te gean.