Twa autofernielers oppakt

© Omrop Fryslân
Yn de Hobbemastrjitte yn Ljouwert binne dit wykein twa autofernielers oppakt. Yn de strjitte en de buert der omhinne binne de lêste tiid ferskate auto's beskeadige. Dêrom wie der fan sneon op snein ekstra plysjekontrôle. Sadwaande koene trije fernielers op de die betrape wurde.
Ien fan de manlju koe útnaaie, de oare twa binne oanhâlden. Se hiene njoggen autospegels fernield, sa hat bliken dien út it ûndersyk fan de plysje.