Benny Stevens ûnderskieden

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert is sneon troch boargemaster Vroegindewey in keninklike ûnderskieding útrikt oan Benny Stevens. Hy is beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Stevens is al 35 jier learaar op it Marnekolleezje.
Stevens hat ek in soad dien foar de sport yn de stêd. Hy organisearre bygelyks hurdrinwedstriden. Fierder soarge hy der foar dat der tochten hâlden waarden troch de grêften.