Filmopnamen Snuf yn Ferwert

De haadrolspiler komt oan op de set by de tsjerke
Ferwert is sneon efkes it Hollywood fan Fryslân. It sintrum is ôfsletten foar it ferkear. Yn it doarp binne opnames fan de tillevyzje- en bioskoopfilm Snuf de Hond.
It is in ferfilming fan it bekinde berneboek fan Piet Prins. It ferhaal spilet him yn de oarloch ôf op it Fryske plattelân. Twa jonges belibje mei de herdershûn Snuf spannende aventûren.