Poalen oppakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
Twa Poalen fan 26 en 43 jier ha freedtemiddei de eigner fan in winkel bedrige. In foarbygonger warskôge de plysje doe 't er seach dat de eigner fan in winkel oa de Hearrenfeansewei spul krige mei de Poalen.
De plysje hat de twa manlju oanhâlden. Se hiene it alarmpistoal en it mes wêr mei 't se de 45-jierrige ûndernimmer bedrige ha, noch yn besit. De oanlieding fan de rúzje is noch net dúdlik.