Grutte kontrôle Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is freedtejûn en -nacht in grutte ferkearskontrole hâlden. Der waarden rom 2500 auto's kontroleard. Der waard fral letten op alkohol en drugsgebrûk.
Dêrby waarden in kofferscan en in drugshûn brûkt. Der waarden boetes útdield foar riden mei drank op, autoruten dy't te donker makke wiene, ferbean wapenbesit en ferkearde papieren. Ien bestjoerder krige in bon omdat er hast 40 kilometer te hurd ried.