Art Festival wol ferhúzje

29 sep 2007 - 08:56

It Media Art Festival wol ferhúzje nei it âlde gebou fan it Historisch Centrum Leeuwarden, oan de Grutte Tsjerkstrjitte yn Ljouwert.

Dêrneist moatte der ek oare bedriuwen yn it gebou komme. De organisaasje fan it festival ûnderhandelt op dit stuit mei ferskate partijen. No sit it festival noch yn it Ljouwerter Amicitiagebou, mar dêr moat it op koarte termyn út. Yn it gebou komme lúkse apparteminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)