Gersdroegerijen hawwe it drok

De oanfier fan gers leit twintich persint heger as ferline jier
Der binne lange wachtlisten by de twa Fryske gersdroegerijen yn Easterwâlde en De Pein.
De oanfier leit gemiddeld twintich persint heger as ferline jier. In soad boeren ha gers oer en litte dêr droechfoer fan meitsje. Dat is goedkeaper as krachtfoer. De gersdroegerij yn Easterwâlde ferwachtet de hiele moanne novimber noch wol drokte te hawwen. Gewoanwei is de drokte yn oktober oer.