Amelân mooglik skjinste strân

28 sep 2007 - 15:50

Amelân hat miskien wol it skjinste strân fan Nederlân. It strân fan Amelân is dit jier foar de twadde kear nominearre foar priis dy't yn it libben roppen is om smoargens op de strannen tsjin te gean.

Ynspekteurs fan de ANWB hawwe yn opdracht fan de stifting Nederland Schoon alle 93 noardseestrannen besocht. Neist Amelân binne ek Bergen en Den Haag nominearre. De winner wurdt nije wike freed bekind makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)