Sterk fjild Indoor Fryslân

28 sep 2007 - 15:12
  • It dielnimmersfjild foar it 40e Indoor Fryslân is noch nea sa sterk west (argyf foto 2006)

It dielnimmersfjild foar it 40e Indoor Fryslân, tusken 17 en 21 oktober, is noch nea sa sterk west as dit jier.

Dat stelt de organisaasje fan it hynstesportevenemint sels. Fan de mondiale top 100 dogge der 20 ruters en amazones mei yn Ljouwert. Dêrûnder binne ek de nûmer twa fan de wrâld, Jessica Kürten út Ierlân, en de nûmer trije, Gerco Schröder út Nederlân.Ek de Dútske Fries Franke Sloothaak docht mei oan Indoor Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)