Oanpassings spoarbrêge Akkrum

28 sep 2007 - 14:20

Spoarbehearder Prorail sil in tal ynstellings fan de spoarbrêge fan Akkrum oanpasse.

Dit wurdt dien omdat de ôfrûne tiid de brêge net goed mear ticht woe. Hjir troch is ferskate kearen it treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum fêstrûn. It probleem hat te krijen mei de kuierpaden dy't neist de spoarbrêge sitte. At de brêge iepengiet klappe dy út, mar se klappe net altyd wer yn at de spoarbrêge ticht moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)