'Omrop-baas moat Frysk prate'

De nije omropbaas moat ûnderfining ha fan de Fryske kultuer en taal
De Steatefraksje fan de FNP wol Omrop Fryslân fia it oanpassen fan subsydzjebetinksten twinge te kiezen foar in direkteur dy't Frysk sprekt.
De partij stelt fragen by de profylskets fan de nije direkteur. Dêryn stiet dat de nije omropbaas ûnderfining ha moat mei de kenmerken fan de Fryske kultuer en taal. Net dus dat dy it Frysk aktyf behearskje moat. Neffens de FNP hat de Omrop-baas in foarbyldfunksje.