Hearrenfean traint besletten

28 sep 2007 - 12:39

Sportklub Hearrenfean hat freedtemoarn besletten traint yn oanrin nei de wedstriid tsjin Feyenoord. Trainer Gertjan Verbeek woe gjin kameraploegen en supporters by it fjild.

Verbeek wol de opstelling geheim hâlde. Sa moat it in ferrassing wurde oft Afonso Alves meispilet sneon. Verbeek is no fjouwer jier trainer fan Hearrenfean en it wie de earste kear dat der gjin minsken wolkom wiene op de training.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)