Skoarstien Harich nei België

De gersdroegerij yn Harich
De skoarstien fan de gersdroegerij yn Harich sil op 'e nij opboud wurde yn België.
De koöperaasje hat de masines ferkocht oan bedriuwen yn Ingelân en België. Earder dizze wike waarden de kontrakten foar de ferkeap fan de gebouwen en grûn al tekene en oerdien oan de stichting De Wyldemerk. Doel is dat der op it terrein in skoalle komt foar probleemjongeren.