Man klem tusken laadbak

28 sep 2007 - 10:21

In 27-jierrige ynwenner fan Drachten is tongersdeitejûn troch noch ûnbekende oarsaak klem kommen te sitten tusken de laadbak fan de iene en de doar fan in oare frachtwein.

It ûngefal gebeurde by in bedriuw oan de Tinwei op It Hearrenfean. De sjauffeurs wiene oan it bepraten wêr't der laden wurde moast. It slachtoffer is mei in bekkenfraktuer nei de Tjongerskâns op It Fean en letter nei it UMCG in Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)