Dief hat in spesjale tas

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitemiddei in 31-jierrige frou út Ljouwert oanhâlden dy't wat stellen hie út in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert.
In tsjûge seach dat it winkelpersoniel mei de frou stie te praten. Doe't de frou útnaaide gie de tsjûge achter har oan en seach dat se op de Iewâl har tas fuortgoaide. It die bliken dat de tas spesjaal makke wie om der stellen guod yn te ferbergjen. De plysje hat de frou meinommen nei it plysjeburo.