Ried wol grûn Fogelsanghstate

28 sep 2007 - 10:08

De ried fan Kollumerlân stimt yn mei it ûnteigenjen fan in stik grûn fan Fogelsanghstate yn Feankleaster.

It giet om in stik fan 300 kante meter. De gemeente wol it brûke foar de oanlis fan in rûnwei om Feankleaster hinne. De eigner fan it stik, de famylje Van Harinxma thoe Slooten wol de grûn net kwyt. De gemeente wol dêrom ûnteigenje en liket no de stipe te krijen fan in mearderheid fan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)