'Oars stimme is goed idee'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is bliid mei it plan om de âlde stimkompjûters te ferfangen. In kommisje mei Korthals Altes kaam tongersdei mei plannen foar in 'elektroanysk potlead'.
Kiezers stimme fia in apparaat, dêr komt in print út mei de stim. De print giet ferfolgens de stimbus yn. Sa wurde de stimmen yn de kompjûter opslein, mar binne letter ek gewoan nei te tellen. Ljouwert fynt alle oanpassings foar feilich stimmen goed.