Guozzen as toeristyske trekker

sliepe tusken de guozzen
Ynkoarten kinne je yn Fryslân telâne foar in spesjaal guozze-arranzjement. Sa moat it mooglik wêze de guozzetrek fan tichtby mei te meitsjen. Sa kinne je bygelyks yn in húske sliepe yn in guozzegebiet.
It projekt is in initsjatyf fan de 'Vrienden van het Platteland'. Dy organisaasje helpt ûndernimmers op it plattelân. Yn Fryslân kin je aanst guozzen sjen by Nes, Boarnsterhim en Westergeast.