Fjilden foar FC Wolvegea

27 sep 2007 - 17:11

De gemeente Weststellingwerf hat tongersdei de sportakkommodaasje fan FC Wolvegea oerdien oan de fuotbalclub. De fjilden en de sportgebouwen komme yn fases yn hannen fan de fuotbalferiening. Dat betsjut dat de feriening sels it ûnderhâld dwaan moat.

De gemeente stelt wol jild beskikber foar it opknappen fan klaaikeamers. Der is 7 jier praat om ta dizze oerienkomst te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)