LID nimt 36 hûnen yn beslach

27 sep 2007 - 14:50
  • in grutte ynfal. De parse mocht net tichtby komme
  • it hûs stiet tichtby it spoar nei Deinum

De LID, de lanlike ynspeksjetsjinst bistebeskerming, hat tongersdei by in kennel oan de Ljochtewei yn Ljouwert 36 hûnen yn beslach naam. De hûnen waarden net goed fersoarge. Oeral op it terrein en yn 'e hûs leit in laach stront fan de bisten. Ek leine der deade hûnen yn friezers.

De bernebeskerming besjocht de sitewaasje is mei de twa bern fan it gesin. De ynstânsjes prate takom wike oer wat der mei harren gebeure moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)