Brân yn wenpleats Gordyk

27 sep 2007 - 14:14

By in brân tongersdei yn in wenpleats oan de Stasjonswei op De Gordyk is foar tûzenen euro's skea oanrjochte. It fjoer is ûntstien troch in pear boulampen. Buorlju ûntdutsen it fjoer en warskôgen de helptsjinsten. De bewenners koene op 'e tiid út it hûs komme.

De brânwacht fan Smellingerlân hie it fjoer gau ûnder kontrole. Omdat it fjoer achter ûntstie, is der hast gjin skea oan it wengedielte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)