Hege straf easke foar misdriuw

ien fan de kamera's yn de Ljouwerter binnenstêd
Foar de rjochtbank fan Ljouwert binne tongersdei selstraffen fan 15 oant 30 moannen easke tsjin fjouwer fertochten fan in poging ta deaslach yn juny op it Ruterskertier yn Ljouwert. It misdriuw waard fêstlein op in kamera dy't yn de stêd hinget om de feiligens te ferbetterjen.
Tsjin in tal fan de fertochten is in hege straf easke om't se al earder by misdriuwen belutsen wiene. De fyfde fertochte is minderjierrich.